In spantsje einen foar de gesellichheid

door

in

Grou, 14 maart 2021

Yn ‘e maitiid fan ferline jier ha we in tiidsje in spantsje einen yn de achtertûn hân. Sy hienen it wol nei’t sin, mar oan aaien lizzen binne se net takaam (sjoch hjir it berjocht).

Dit jier sit it selde stltsje wer regelmjittich yn en by de fiver. Alteast, wy tinke dat it itselde steltsje is, sjoen it gedrach. Hiele dagen sitte se te sliepen oan ‘e râne fan de fiver, soms efkes badderje en grondelje. Soms is der in twadde jerke by, krekt as ferline jier.

Jûns fleane se meastal fuort en moarns komme se wer. Alle dagen itselde ritueel. Hjoed wie it eintsje sawat de hiele dei allinnich, mar tsjin de jûn kaam de jerke ek wer foar ‘t ljocht.

Yn de winterwike yn febrewaris hienen we wat foer kocht foar de fûgeltsjes. Alle dagen wat foer yn it fûgelhokje en ek wat op in plankje fan in ferfallen fûgelhoikje sûnder dak. It eintsje hie al rillegau yn ‘t snotsje dat dêr ek wol wat foar har te heljen wie. Se fleach dan ek handich omheecvh op it plankje en jûch har dêr del, sadat oare fûgels der net by koenen; ûnderwilens snobjend fan it foer. De jerke bleau op de grûn, soms op de tafel, en pikte ek in graantsje mei fan alles wat op de grûn foel.

Ik ha in koer yn de parrebbeam hongen, mar dêr is net in soad belangstelling foar. Oan it krebintige waggeljen fan it eintsje te sjen binne de einen al op leeftiid en sil it soargjen fan neigeslacht wol net mear de heechste prioriteit ha.

Hawar, wat hintsjes en in pear eintsjes yn de tún jout wol wat fordivedaasje en gesellichheid.

Bonne Bruinsma.