In workshop jaan

door

in

Aldeboarn, 14 novimber 2021.

It wie yn febrewaris 2020. Ik waard belle troch immen fan de fûgelwacht fan Âldeholtpea (Oldeholtpade). De minsken hienen kontakt hân mei Johannes van der Meer, in skofke derfoar. Se woenen graach in kursus einekoerflechtsjen ha en Johannes hie sein dat se my mar skilje moasten. Dat sa gie it. Nei oerlis mei Johannes seinen wy: “We dogge it”, mar ja doe die bliken dat der 30 minsken wienen dy’t meidwaan woenen. Oei. Mar oké: it binne der tefolle, mar yn twa groepen fan 15 soenen wy dat togearre wol oan kinne.

Mar der wie reid nedich en flaaks. Flaaks koe ik wol regelje, reid net. Yn goed oerlis mei Staatsbosbeheer koenen wy oan reid komme. Ik ha noch mei west om it perseel reid te besjen. Prachtich guod, moai fyn en net al te lang. 

September 2020 binne wy los gien mei 15 frou/man en wat jeugd. Foar jeugd wie it wat te swier, mar men woe de jeugd der perfoarst by belûke. Neat mis mei, mar men seach al gau dat dit gjin sûkses wurde soe.

Hawar, wy ha in moaie dei hân en der waarden dochs ek noch kreaze kuorren makke. En Johannes hie wer in geweldige dei mei syn moaie ferhalen. It wie in súkses mei sop en broadsjes ta.

Doe kaam korona en koenen wy net fierder. Spitigernôch kaam Johannes yntusken te ferstjerren. Ik ha doe ôfpraat dat ik de oare groep fan 15 man opsplitse woe yn twa groepkes fan elk 7-8 minsken. Dat ha ik dien op twa sneonen ( septimber en oktober).

Ik moat earlik sizze dat ik it as knap dreech beskôge ha. It moat eins mei 5 kursisten ophâlde fyn ik. Ik bin sels ek noch mar in ‘begjinner’ en dit hie ik ek noch noait bei de ein han. Ik bin noch gjin betûfte learmaster.

Mar it is allegear prima slagge mei wer sop en broadsjes tusken de middei. De jongste dielnimmer wy 8 en de âldste 85. Jo moatte betinke: de jeugdfûgelwacht is dêr grut en dêr dogge se in protte mei en foar.

Sa, wer in ûnderfining riker. Jammer dat Johannes alles net mear meimakke hat.

Cor Snoeij