In wûnderlik barren

door

in

24 jannewaris 2024

Elke flechter makket syn eigen koer en der is gjin koer gelyk. De iene makket behindige kuorren, de oare makket se rom. 

No wie der koartlyn in gastflechter by in gruthannel yn kuorren dy’t in mânske koer makke hie. Guon oare gastflechters fregen harren ôf oft dit faaks in koer foar in gâns wie. Se hienen it noch net sein oft der kaam mei gong in grutte skiere goes troch de iepen doarren de loads ynfleanen en plofte sa op de steapel einekuorren del, dêr’t de mânske koer boppe-op lei. Hy hie fan ôfstân fanút it lân de koer lizzen sjoen en tocht: dy koer is fan my. Mar de goes miste de iepening, knalde tsjin de koer en bleau foar pampus foar de koer lizzen, skokte noch wat mei syn lichem, tilde syn kop noch in kear op en bleau doe foar dea lizzen.

Mar wûnderbaarlik: sa’t it wolris faker mei fûgels giet, kaam de gâns nei in skoftke wer by sûp en stút. hy skodde wat mei syn fearren en sette doe wer ôf nei syn soartgenoaten yn de greide. It is net bekend hoe’t it no mei de goes is…

bb