In wylgetiennekoer út Nietap

door

in

Mûnein 8 maart 2022

Nei de oprop fan Bouwe de Groot om foto’s fan útsetten einekuorren yn te stjoeren komt in reaksje fan Oeds Bijlsma út Nietap ”Ik fyn it in leuk idee.”

Hy stjoert inkele foto’s mei fan syn wylgetiennekoer.

Bijlsma: ”De tûken dêr’t de koer fan makke is komme fan de wylch sels. De kuorren fan wylgetiennen lit ik altyd trije jier hingje en dan ferfang ik se. Wol doch ik alle jierren yn febrewaris nij nêstmateriaal yn de koer. Op 6 maart leinen der alwer acht aaien yn de koer.”

Op ien fan de foto’s is te sjen hoe’t hy de koer makket. ”It liket rûch mar as se byknipt is, is it bêst in moaie koer”, seit Oeds fan syn eigen type.

Hy makket ek wol kuorren fan kokels (Ned. ruwe bies) makke. ”Dit woe ek prima.”

It assortimint fan Oeds Bijlsma