It flaaks bloeit en de minsken komme om dat te sjen!

Holwert, sneon 14 july 2018

Oeral yn de provinsje binne de aktiviteiten fan LF 2018 yn folle gong en sa komme der ek minsken dy’t belangstelling hawwe foar de flaaksrûte (Follow the blue line) by Els en Gjalt de Groot om te sjen hoe’t men fan reid en flaaks einekuorren flechtsje kin.

De besikers binne oer it generaal minsken dy’t  oantinkens hawwe oan de tiid dat der yn de bouhoeke noch folop flaaks boud waard. Elke sneon oant en mei 1 septimber litte Els en Gjalt sjen hoe’t der by har mei flaaks wurke wurdt.

Bloeiend flaaks mei syn blauwe blomkes  (Binnema, Marrum, Ljouwerterdyk 2)

Op snein 15 july skriuwt Gjalt hoe’t sneon de 14e ferrûn is:
    ‘We ha hjoed sa om ende by 30 minsken hân.
Wie suver wat te drok mei de beide kursisten der noch by. Wol wer bysundere minsken troffen mei bysundere ferhalen’.

DSC_0267 VLASROUTE PIC DSC_0271 FLAAKS 2 PIC