It libben giet troch

door

in

Grou, Twadde Peaskedei 13 april 2020.

It libben giet troch. Ek foar de einen.

Yn de els foar ús hûs oer oan it Nij Djip is dat goed te sjen. Dêr hingje twa fan myn kuorren. (foar de net-saakkundigen: fan reid en flaaks, klaaikuorren neame de kenners dy).

Op de rjochter koer sit it eintsje de pykjes dy’t noch yn de koer sitte, oan te moedigjen nei bûten te kommen.

It ‘moment suprême’ fan it ferlitten fan de feilige koer  hawwe we mist, mar it eintsje-mei-it-wite-boarst sil grif earne mei syn pykjes rûnswimme.

Dêr dogge wy as flechters fan de Strampel it foar. Mear pykjes, mear einen.

Cees van der Meulen
(Abbema 15, Grou)