It nije flechtseizoen is wer oanbrutsen

door

in

Grou, 23 oktober 2023

De ôfrûne tiid ha ferskate flechters wer op (kreamke-)merken stien. Fan de Kooistra’s t Dokkum ha we lêze kinnen dat se gauris op ‘en paad wienen. Koartlyn wiene se op lêste iepoeningsdei fan De Kruidhof yn Bûtenpost. “In frisse noardwestewyn, mar mei in flau sintsje en in protte folk wie it goed te dwaan. En in goede hannel”, sjocht Hendrik tefreden werom.

Ek Bouwe de Groot fan Grou hat ferskate kearen op ‘en paad west. Syn aktiviteiten oangeande it flechtsjen wol hy ek graach mei oaren diele.

“Ik ha goede hannel dien mei de prullaria”, seit Bouwe. ”It wienen noflike dagen, de nêstkastjes fleagen fuort. Mar no is it rêstich en begjint de flechtsjen fan de einekuorren. De temperatuer sakket wat, dus is it yn it hok wol út te hâlden.”
It wie foar Bouwe wol in toer om oan foldwaande moai reid te kommen. ”It kaam let op gong en doe in perioade mei in soad rein. Aldergelokst krij ik help om oan foldwaande reid te kommen en kin ik wer foldwaande kuorren meitsje.”

Flaaks

In probleem dêr’t Bouwe tsjinoan rûn, en dêr’t ek oare flechters mei te krijen ha, is de minne kwaliteit fan it flaaks dit jier. Bouwe: ”De griene boskjes foldienen net: se brutsen ôf en koenen de kwaliteitstoets net trochstean. Mei ien koer ha ’k it besocht: in oere langer wurk en de hannen oan flarden.” Op syk nei bettere kwaliteit flaaks kaam Bouwe út by Binne van der Velde. ”Dêr ha ’k noch wat bemachtigje kinnen, mûzen ynbegrepen. Dat is foar my foldwaande foar kommende winter.” De koer is foar de fûgelwacht en komt takom maitiid yn de Pikmar te stean.

Ruilhannel

Nei’t de earste fersiken om einekuorren kamen, moast Bouwe oan ‘e bak: ”De earste 20 kuorren ha ’k ôfrûne wike flochten. Ien koer ha ’k yn Reduzum ruile tsjin in pear blombakjes, en by ’Anja’s Kaashandel’ ha ‘k in koer ruile tsjin – jo riede it al – in moai stik tsiis. Sneon noch in koer nei Easterlittens brocht en twa nei Langwar foar fêste ôfnimmers. De foarried leit no yn hûs te droegjen.”

16.000 stâlen flaaks

Om alle kuorren sa folle mooglik fan likense ôfmjittings te meitsjen brûkt Bouwe in mjitstok. ”Elke koer meitsje ik mei in bûtendiameter fan 35 sentimeter, in binnendiameter sa’n 30 sentimeter en de hals in diameter fan 15 sentimeter. By in totale lingte fan op syn minst 55 sentimeter ha ’k dan 20 oant 21 slaggen mei 8 lofters per slach. Dat is 160 de koer. Ôfrûne wike dus goed 3.200 lofters. Elke lofter 5 stâlen flaaks, dat makket 16.000 stâlen flaaks dizze wike.”

Oan ’e ein hat Bouwe noch in winsk: ”Ik hoopje dat elke flechter in goed jier hat.”