Jerke siket it hegerop

door

in

Grou 15 maaie 2024

Yn Grou is de lêste dagen in apart skouspul te sjen: in jerke op de nâle fan it dak.

In nâle fan it dak is no net fuortdaliks in plak dêr’t men einen ornaris oantreft. Mar dizze jerke stiet op ferskillende huzen it hear te oersjen. Wol rom sicht fansels. Of soe hy soms yndruk meitsje wolle by de eintsjes?