Jierfergadering 2018

door

in

Grou, 2 desimber 2018

Freed 30 novimber wie wer de jierlikse gearkomste fan de leden fan De Strampel. De sânde. Yn de sfearfolle seal fan doarpshûs De Trilker kamen sa’n 30 leden by-inoar om de saken fan it ôfrûne jier troch te nimmen en foarút te sjen nei it kommende jier. It wie in bysûndere gearkomste, want alle trije bestjoersleden hienen de maksimale tiid sitten en koenen neffens it karbrief net op ‘e nij beneamd wurde. Elk gie mei syn eigen ferhaal yn op de moaie tiid dy’t hy belibbe hie yn de seis jier nei de oprjochting yn 2012.

Gjalt de Groot kaam yn 2012 mei it inisjatyf in flechtersferiening en frege Cees van der Meulen as skriuwer en Jan Falkena as ponghâlder. Mei troch de ynspannings fan dizze bestjoersleden is de feriening sterk groeid fan 30 leden yn 2013 nei 104 leden no en in ferskaat oan aktiviteiten; it nijsargyf jout hjirfan in moai byld. De mannen ha it stokje no oerdroegen oan: Durk Wynia (foarsitter), Cor Snoeij (ponghâlder) en Bonne Bruinsma (skriuwer).

Jûnen fan De Strampel binne altiten gesellich, seker as letter op de jûn de smoute ferhalen los komme.

Fansels wienen der ek wer prachtige kreaasjes kuorren te besjen. Bouwe de Groot hie in twa-eins koer makke. Jinke Kupereus is ek altiten tige kreatyf en kaam mei in ûle en in baarch. Sjoch mar ris op de foto’s hoe keunstich de kuorren makke binne.