Jinke Kuperus fertelt ….

door

in

Wurdum, 28 novimber 2016.

12-sept-2015-jinke

Jinke fertelt hoe’t sy as bern it kuorflechtsjen belibbe hat:

“Einekoermeitsje 60 jier lyn. Op ‘e dalhoeve ûnder Wurdum. As it rêstich waar wie  sieten de mannen by ús op ‘e heasolder. En wie it kâld dan efter de kij op de bûthúsflier. Dêr kaam dan de foarsitter fan de fûgelwacht, moarns om  healwei njoggenen. Hy siet op de tuolle en heit Lieuwe Hoekstra  siet op in pak strie. Alde  Rintsje van der Heide  joech de lofters oan en heit breide troch. Se hiene sa’n dei wol trije of fjouwer pakken strie trochelkoar skuord, foar de moaiste lofters  en bannen. Kofje- en teetiid der foarwei en brea mei rikke bûkspek  fan oardel sintimeter dik .En itenstiid  snert mei ek hiele stikken spek en twa bargepoaten deryn. Ik griisde derfan. En as wy fregen hoe fier’t se wiene, dan wie it antwurd: it manstje sit derop, of wy binne oan de middel ta, of der moat noch ien slach op ‘e hals. Se makken sa’n dei fjouwer of fiif kuorren, en dat wie foar de ferlotting. Dat barde trije kear yn de winter, de oare kuorren wiene foar famylje en by ússels om it hiem. De kuorren foar de fûgelwacht waarden mei hynder en wein nei kafee Duhoux brocht. In stik of sân op ‘e jiergearkomste. Elk swetste oer dy moaie kuorren. Se waarden mei kramtried yn de beam fêstset!”.