Kat op ‘e koer

door

in

Grou, 13 maaie 2021

As jonkje hie ik dowen en in hekel oan katten. Ik bin in hûneman. Katten hawwe personiel, hûnen hawwe in baas en dêr sit wol wat yn. Ik bin al jierren eigen baas, wol gjin personiel hawwe.

Miskien net earlik foar de katten oer, mar sa bin ik kondisjonearre. Bygeande foto’s makke ik foardat ik mei in soad misbaar dy ferrekte kat fan de koer jage. No mar hoopje dat it einepear net fan slach rekke is.

Ik haw it stikje gaas om de beam noch fierder útbûgd. De Europeeske wetten ferbiede geweld tsjin wolven …. en poekes!

Wetten of net, ik bliuw wach!

Cees van der Meulen.