Kuorren by de rûs!

door

in

Grou / Tsjom, 2 jannewaris 2016!

Fan Gerrit Venema út Tsjom krigen we in plaatsje fan syn kuorrefoarried, sa’t it liket dus kuorren by de rûs by Gerrit.

It flechtersseizoen rint op syn lêste fuotten en elk besiket syn winterproduksje wer oan de man/frou te bringen. Sutelje is in goeie mooglikheid, mar ek fia de kranteynternet of gewoan mei de post wurdt der kuorre-hannel dien.

Mei dizze oant no sachte iepen winter kinne de eintsjes wolris flot oan ‘e lech reitsje.

Yn Grou kamen op âldjiersdei twa  froulju om in koer. Se hiene sjoen dat de eintsjes de leafde al praktisearren en …. ja, dan moat der hannele wurde, fûnen se. De flechter/ferkeaper wie it folslein mei harren iens!