Letbrieder “Kabrio-ein”, 30 augustus 2013, 9 aaien!

door

in

letbrieder 30 augustus 2013 003

Op 30 augustus sit der in ein op 9 aaien yn in (fernielde) koer fan de feriening De Doarpsein fan Ryptsjerk te brieden.

It eintsje hat mei it moaie waar syn koer ‘omboud’ ta  Kabrio-koer. Under de einen binne der blykber  ek glamourgirls. Sa boppe de Buorrenstersterfeart  hat se de gek mei alle jerken. It sil ús benije wat sa’n glamour-eintsje fan it brieden terjochte bringt.

kabrio-ein Kabrio-ein, moai waar, it dak kin iepen, Noch in let kadootsje fan de einen foar it 75-jierrich jubileum fan ‘De Doarpsein’.