Ljouwerter te beskieden oer tal serieuze flechters

door

in

Grou, 1 febrewaris 2017

De LC (artikel 31 jannewaris ’17) skriuwt korrekt dat der yn de perioade 2013-2016 sa’n 1000 minsken fia De Strampel  it flechtsjen leard hawwe.

Mar se sitte derneist as se skriuwe: ‘Zo’n 30 mensen zijn overgebleven die op serieuze wijze het oude ambacht weer oppakken.’

It bestjoer tinkt dat dat sifer in stik heger leit. De Strampel sels telt al 85 leden en fan dy 1000 kursisten binne der ek wol in oantal serieuze flechters oerbleaun.

We hawwe net alle 1000 frege oft se noch flechtsje nei dy iene koer en ek net alle 85 strampelaars flechtsje. En net alle flechters binne lid fan ús feriening. Mar der sit, tinke wy, in flinke groei yn it tal minsken dat serieus oan it flechtsjen is. Hoefolle witte we net krekt, mar grif mear as tritich.  It âlde ambacht fan it koerflechtsjen stiet wer folop yn de belangstelling. Net allinne yn Fryslân, mar ek troch in pakkend artikel yn it glossy tiidskrift Landleven yn hiel Nederlân. Dat hat kursisten opsmiten, rûnom út Nederlân wei.

De flechters belibje der plezier oan en de einen farre der wol by, en dêr giet it eintsjebeslút om.