Lolke van der Meer makket moaiste koer

door

in

Reduzum, 17 septimber 2022

It earste Frysk Kampioenskip Einekoerflechtsjen is sneon wûn troch Lolke van der Meer út Wergea. Twadde waard Els de Groot út Holwert en tredde waard de koer fan Hendrik Kooistra út Dokkum.

De koer fan Lolke waard ek troch it publyk keazen ta moaiste koer. In dûbeld súkses dus fan dizze flechter út Wergea.

De grutske Lolke mei syn kampioenskoer, de bokaal en in pûn iel.

Troch it minne waar (reinbuien mei hurde wyn) wie de lokaasje by ielfisker Ale de Jager minder geskikt en waard op it lêste momint útwykt nei in loads by de fam. De Groot oan de Ienswei yn Reduzum. Sy stelden spontaan de loads om neat beskikber en holpen sels by de organisaasje fan it evenemint. Geweldich! It wie in gouden plak en by dizze waarsomstannichheden in útkomst. 

Fan 10 oant 16:00 oere ha der in pear hûndert besikers west om de 18 ynstjoerde kuorren te besjen en te genietsjen fan in gesellige sfear mei kreamkes en einekoerflechters. De dielnimmende kuorren stien opsteld op strampels yn trije sirkels, wêr’t publyk omhinne rinne koe. 

In deskundige sjuery, besteande út Fokelien van der Meulen, Ids Willemsma en Ûltsje Hosper ha de kuorren goed besjoen en binne nei yntinsyf beried op grûn fan troch harren sels opstelde kritearia ta in top-trije kommen.

De sjuery

Winnende koer waard dy fan Lolke van der Meer út Wergea. Hy krige út hannen fan sjuerylid Fokelien van der Meulen de moaie bokaal útrikt. Ek krige Lolke noch in pûn iel.

De besikers koenen ek harren stim útbringe op de favorite koer. Ek dêr gie de priis nei Lolke van der Meer. De dei koe al net mear stikken foar Lolke, mar doe’t hy ek de publykspriis (pûn iel) krige, waard it foar Lolke hielendal in dei om nea te ferjitten. 

Foarsitter Durk Wynia oerlanget de publykspriis

Jongste dielnimmer wie Ate Kaastra út Mantgum. Hy krige de oanmoedigingspriis: in nuddel.

Jongste dielnimmer Ate Kaastra