Lytste koer fan de wrâld

door

in

Wurdum, 27 novimber 2015. Jiergearkomste fan De Strampel

Ien fan de leden naam in pear troch him makke kuorkes mei dy’t wol de lytsten fan de wrâld wêze sil.

Út de kuorren dy’t de leden meinamen fladdere in prachtige flinter, in lytse foks.

De foarsitter iepene mei ien fan syn fjildferhalen, diskear oer minne ferkeap fan kuorren by deune boeren op ‘e klaai, mar nammerste bettere hannelsresultaten by sjarmante froulju op de Feanhoop. Net allinne hong er harren kuorren op, mar kaam letter ek noch del om te sjen oft der al aaien wiene! ‘Ekstra service’ hjit it ferhaaltsje dan ek.

Gesellich wie it ek wer op dizze jiergearkomste! (Op de foto klikke, dan wurdt er grutter)