Min waar foar de piken

door

in

Grou, 5 maaie 2021

De piken treffen it net. Krekt krekt no ‘t der in soad piken útkomme is it waar kâld en bluisterich. Dat hat gefolgen foar de ynsekten, dêr’t de piken it yn de earste faze fan harren libben fan ha moatte. Gelokkich sit der waarmer better waar oan te kommen.

Hoe is it by jo: Binne der al piken? Of sit it eintsje noch lekker yn de beskutte koer op aaien.

Wy bliuwe graach op ’e hichte fan it briedresultaat yn de provinsje. Tellingen kinne helpe in byld te foarmjen fan de stân fan de einen yn ús provinsje. In berjochtsje nei bestjoer@de-strampel.frl en wy soargje derfoar dat de sifers op it goede plak komme. Belje mei fansels ek.

Dat de flechttechnyk net altiten liedt ta de kreaasje fan in einekoer, ha wy earder al ris melding fan makke. No krigen wy in foto tastjoerd fan in wo hiel lúks en duorsum nêstkastje.

Jonge fûgeltsjes yn dit ûnderkommen ha in goed plakje

Foto’s bliuwe wolkom.