Mismodel koer hat dochs súkses

door

in

Grou, 5 april 2024

Myn earste wetterlânkoer fan dit jier, flochten yn wyld  ferbân, seach der net út mar hy wie wol rom. In kraach siet der hast net op. By it flechtsjen te let nei binnen mei as gefolch in te lange koer. Ik doarde de koer net yn de Pikmar te setten en al hielendal net yn de ferlotting fan de filmjûn fan de fûgelwacht te dwaan. Deabenaud foar ferneatigjend kommintaar.

Ik ha de koer úteinlik mar op in efterôf-plakje op de folkstún delhongen wêr’t hast net ien de koer sjen kin. No lizze der al 12 aaien yn en de ein is noch net oan brieden ta. Om de romte kinne der wol in tal aaien by. Endat ropt de fraach op: hat de romte yn de koer ek ynfloed op it tal aaien dat de ein leit?

Kuorren op it kompleks fan de folkstúnferiening ha suver nea súkses, de einen lizze de aaien it leafst op in plakje yn ‘e rûchte op de grûn.

Sa sjogge jo mar wer: it model seit net alles, de romte fan kreamkeamer is foar de ein it wichstichste.

Bonne Bruinsma.