Moaie beurs

door

in

Poppenwier/Grou, 25 febrewaris 2020

De beurs fan einekoerflechters op 22 febrewaris yn De Trilker te Poppenwier wie wer in grut súskes. Tsientallen besikers kamen op dit gesellige barren ôf.

Nei in minder slagge kombinaasje mei de manifestaasje Poppenwier op en út yn desimber 2018 en gjin beurs yn 2019 wie dit jier de fertroude beurs werom. It is fral in noflik barren foar de ferskate einekoerflechters fan de feriening. Meastentiid sitte hja allinnich te flechtsjen, mar op sa’n beurs binne der de kontakten mei kollega-flechters.

It moaie fan sa’n beurs is dat alle makke kuorren ferskillend binne, ek al binne se yn de basis gelyk fan opset. Foar de besikers is it in moaie gelegenheid om de ferskillende typen kuorren te sjen en eventueel te keapjen foar in gaadlike priis.

Ek wienen der tal oare kreaasjes fan flochten reid te sjen.

Hjirûnder wat plaatsjes fan de beurs. Troch op de foto te klikken komt dizze grutter op it skerm.