Multifunsjonele kuorren

Âldtsjerk/Grou, 30 maaie 2021

Einekuorren wurde makke om einen in goed en (relatyf) feilich briedplak te jaan. Ma ek oare fûgels en bisten sjogge in koer soms as in ideale wenromte. Jan Oostenbrug skreau oer katten yn de koer:

Yn in einekoer ha ik bij Tergrêft 5 jonge katten. De koer yn de skuorre, de mem sa no en dan derby en groeie as koal. No noch in plakje fine foar dizze pjutten. De einen ha dit jier goed de kuorren besocht mar in soad piken binne ferlern gien. Predaasje en kjeld.

By Bonne Bruinsma hat ien fan de hinnen in koer ûntdutsen as lisplak foar aaien. Deselde koer dêr’t 7 eine-aaien útbret binne (Krebintige spantsje), stie om te drûgjen op de bank ûnder it ôfdak fan it hok. It hintsje dat al ris earder yn in âld koer lein hie, like dit in gouden plakje om de aaien yn te lizzen. Bonne hat de koer mar stean litten om’t hy oars de hiele tún ôfsykje moat om hinne-aaien En mei it groeien fan de planten wurdt dat der net makliker op…