Nij Frysk rekôr rûpeljen

door

in

Ferwert, sneon 12 septimber 2015.

It Fryske rekôr rûpeljen is sneon skerper steld. 111 rûpelders rûpelen op 55 rûpelbanken in mânske bult flaaks. Dy 111e rûpelder wie in 96-jierrige dy’t syn rûpelizer op in âlde rûpelbok set hie! Der kaam in soad publyk op ôf. Âlde tiden kamen op ‘e nij ta libben. It flaaks dêr’t no de siedknopkes ôf binne, wurdt brûkt foar it flechtsjen fan einekuorren.

De organisaasje fan de dei wie yn hannen fan de Afron (Agraryske Feriening fan âld en nij), PAFH (de feestkommisje fan Ferwert/Hegebeintum), it Flaaksmuseum ‘It Braakhok’ en De Strampel, de Fryske Feriening fan Einekoerflechters.

De algehiele lieding wie yn hannen fan Hein Sterk, dy’t ûnder it rûpeljen allerhande nijsgjirrige saken oer de teelt en de ferwurking fan flaaks fertelde. Ûnder de taskôgers wiene in soad jongelju mar ek hiel wat âlderen dy’t sels it wurkjen yn it flaaks op it fjild en yn it braakhok noch wol meimakke hiene.

(As jo op in foto klikke, dan sjogge jo noch better hoe moai it wie)