Nije rispinge 2021

door

in

Grou, 3 juny 2021

Bouwe de Groot is der wer betiid by dit jier. It earste reid fan dit seizoen is wer binnen.

“Mei it moaie waar fan de lêste dagen groeide it reid as koal”, seit Bouwe. “Op de Minne Finne yn Grou ha’k fannemoarn it earste reid snien en no leit it moai te drûgjen. Gelokkich slagget it my om foar de eatste presintaasjedei mei reid te flechtsjen op de ‘Versmarkt Reduzum’, op 25 juny”.

“It moaie waar komt der oan! En wat is dan leuker dan freed efkes nei de ‘Versmarkt’ op it Swin te gean foar griente, koeken, suvel, moaie blommen of lekkere fisk? 

“Sjogge wy jim dêr? By fisker Ale de Jager op It Swin, 25 juny.”

Bouwe de Groot.