Nije ûntwikkelingen (4)

door

in

Grou, 18 febrewaris 2022

De ûntwikkelingen yn de wrâld fan de einekuorren geane aloan troch. Cees van der Meulen út Grou en Jan Falkena út Oerterp ha, ynspirearre troch Willie Wortel, útfûn hoe’t in koer makliker op in peal yn ‘t wetter pleatst wurde kin. Hjirûnder de ‘útfining’ mei utlis fan Cees van der Meulen:

Foar Strampel- en oare fûgelminsken in bekend plaatsje. In einekoer en noch wat. Mar wat dan?

It giet om in opsetstikje. In plankje fan fjirtich sintimeter mei halsblokje en stipe-earkes. Dat is alles. Mar nij is dat it plankje op in stikje peal mei earplankjes sit.

Earste foardiel: Nei’t it opsetstikje-mei-koer yn de wurkpleats al hielendal reemakke is, kin it – sadree’t de wetterpeal pleatst is – mei in pear skroefkes yn in hânomdraai op de peal pleatst wurde. Twadde foardiel is dat it opsetstikje-mei-koer nei de briederij hiel ienfâldich ein juny fan de peal helle en opburgen wurde kin oant it folgjende foarjier. In behâld foar koer en opsetstikje!

Strampelleden pleatse earste opsetstikje-mei-koer

Jan Falkena, yn waadpak, stiet hjir yn in sydtakke fan de Heidemar yn it Hearrenfean by fam. Cnossen. Jan wurdt by it pleatsen mei grûnboar en slaai fan in 8 x 8 sm peal yn de sânige, liemige boaiem assistearre troch Cees van der Meulen

De koer stie noch mar krekt oft Donald Duck (hoe kin it ek oars!) wie der as de kipen by om syn nije wente feestlik yn gebrûk te nimmen. Nei it suksesfolle pleatsen fan de koer troch Jan en Cees seach Anneke yn har fantasij Katrien Duck der al yn sitten.

P.S.: Ek by de stoarmige wyn stiet de koer as in hûs!!!

(Donald sil dizze starterswente aansen wol wat graach beskikber stelle oan in fereale einepearke!)