Nije ûntwikkelingen yn de koerflechterij (3)

door

in

Grou, 1 july 2021

Flaaks yn de siertún.
Nei de suksesfolle flaaksferbou yn Grou ferline jier koe ik it net litte en siedzje yn de foartún fan ús hûs in hoekje flaaks yn.

No is it safier dat der elke dei blauwe blomkes te sjen binne. Roazen, flaaks en wylgeblommen (wederik), ….  it kin!

Mar foar it gruttere ferlet fan flaaks ryd ik dochs leaver even nei Holwert. 

Yn Grou is de briederij ta in ein kaam en lizze de kuorren yn de winterstalling, yn Flânsum begjint it seizoen letter en sitte der noch einen te brieden.

Cees van der Meulen