Nijsgjirrige preamrûnfeart troch De Lege Geaen

door

in

Poppenwier / Grou 15 maaie 2022

As Gjalt de Groot wat organisearet kin men der fergif op ynnimme dat it moai waar is. Dat wie sneon 14 maaie net oars: prachtich moai sinneskyn waar en in lekkere temperatuer. Ideaal foar in preamrûnfeart foar Strampelleden en partners troch de Lege Geaen.

De start wie yn “De Trilker” – sa njonkenlytsen it klubhûs fan De Strampel. In bakje kofje of tee en doe rinnende nei it haventsje yn Poppenwier; dêr lei de Pieter Jacob fan wettersportbedriuw “De Lege Geaen” mei skipper klear om ús oer it wetter te ferpleatsen.

Earst de Snitser Âldfeart del op wei nei Snits. Ûnderweis in prachtich útsicht oer de greiden en ferhalen fan Gjalt de Groot en geakenner en sjonger Wytse Hospes. Gjalt seach him sels wer riden yn 1963 doe’t hy as 17-jierrige jonge de alvestêdetocht ried, oanmoedige troch it folk op op it betonnen heechhout by Harstabuorren oer de Snitser Aldfeart.

Mei de ferhalen fan Wietse bedarren we by de De Dompslûs yn Snits – in attraksje foar boatsjeminsken om’t se sels de slûs betsjinje moatte. Dat like guon fan de opfarrenden fan de pream ek wol wat. Entûsiast waarden de rinketten en de slûsdoarren betsjinne, sadat op boezempeil de tocht ferfolge wurde koe.

Fia Snits oer de Houkesleat nei de Snitsermar. Wietse en Gjalt koenen it wol pratende hâlde en sa hearden we alles oer de histoarje fan de Grienedyk en it ûntstean fan de Snitsermar en omkriten. Troch de Terhernster Slûs linksô nei Tersoalstersyl, ek in slúske dat sels betsjinne wurde moast. As echte slûswachters loadsten guoddens fan ús de pream troch troch de slûs.

Fuort achter it Tersoalster Slúske waard oanlein by Harmen Abes Pôlle, in histoarysk plak dêr’t eartiids de aaisikersklub de Âld Hij de útfalsbasis hie. Nei it foarlêzen fan in ballade út Gjalt syn boek Warkeweet gie de rûnfeart op nei Poppenwier.

Moai wie ek it ferhaal fan Gjalt oer de barte dêr’t eartiids de molkbussen fan de komelkers op stienen en dy’t no wer troch De Marrekrite opnij op sawat itselde plak makke is as oanlisplak foar boaten – de peallen fan de âlde barte steane der noch altiten.

Wytse Hospes song, begelaat troch syn akkordean, noch wat sankjes by it lisplak fan in âlde fiskersaak dy’t yn ien fan de boeken fan Gjalt in rol spilet. Ek dit paste alhiel yn de sfear fan de middei.

De rûnfeart waard ôfsletten mei potstro, brette spek en grauwe earte yn “Ytkafee De Trilker”.

Wa’t net mei west hat, hat wat mist. Mar der komt grif werris sa’n moai barren. Dan kin de skea ynhelle wurde.

Dat kin al op tiisdei 17 maaie, wannear’t deselde rûnfeart makke wurdt.
Der is noch plak om mei.  
Start 13.45 oere; oankomst 17:30 oere.
Kosten 30,=  p.p.

Start en oankomst is by Wettersportbedriuw “De Lege Geaen”,  Buorren 2 yn Tersoal.
Nei oankomst is der in Sjinees miel.

Opjefte  Gjalt de Groot, gj.d.groot@hetnet.nl, 0519-561784

Bonne Bruinsma