Noch 12 flechters derby

door

in

Dokkum/Grou 2 april 2024

Foar de kuirsussen wie der dit winterskoft aardich flecht op de koai(stra’s. Troch gebrek oan reid binne de measte learmasters stoppe mei de kursussen. Mar ek is de tiid eins foarby om noch einekuorren út te setten. De bruorren Kooistra fan Dokkum ha op sneon 30 maart noch in kursus jûn. Diskear net yn harren fertroude hok yn Dokkum, mar by ‘Groencentrum Witmarsum’.

“In moaie ploech kursisten dy’t mei 6 manlju en 6 froulju moai yn lykwicht wie”, skriuwt Hendrik. “We hienen in prachtich moai plakje midden tusken de keamerplanten en flakby de catering, it koe net better.” Oer fersoarging hienen de learmasters en kursisten ek net te kleien. “Wy hienen it bôletromke wol thús litte kinnen, want de catering hat de hiele dei goed op ús past.” Hendrik hat dan “in dikke plom” foar alle meiwurkers fan it túnsintrum.

Ek oer de kursisten wienen de bruorren Kooistra tige tefreden. “De kursisten hawwe tige goed harren bêst dien en it einresultaat mocht der wol wêze.” Om healwei 4 wienen de measte kuorren klear en nei noch in neisit. En nei it útdielen fan de sertifikaten gienen 12 nije flechters grutsk mei in eigenmakke koer nei hûs. Hooplik smyt ek dit wer wat leden op foar De Strampel.