Oarloch by de koer

door

in

Wergea, 19 april 2020

Einen kinne nuvere bisten wêze. It binne bytiden krekt minsken. Lolke van der Meer skriuwt oer in foarfal by ien fan syn kuorren yn Wergea.

Al 14 dagen dizze ein op ‘e koer. Hat ek aaien yn ‘e koer mar wurdt derút jage troch in oare ein dy’t der op sit te brieden.
Deistich oarloch, en tusken de beide jerken ek. De koer is stadichoan rampoai troch it striesmiten op ‘e koer.

Se hat in ûntychlike brieddrift. Sil my nij dwaan hoe’t dit ôfrint.