Om beurten in hapke

door

in

Holwert, 11 jannewaris 2023

Sieds en Maaike Sytsma, broer en suster, wennen op in spultsje, in stjelpke op de Sudermieden ûnder Hallum. Se hiene it al dy jierren stil hâlde kinnen. Al wol in jier as tolve hiene se de aaien fan de strânljip, dy’t elk jier by harren yn de finne in nêst hie, ferruile foar fjouwer hinne-aaien. De strânljip brette de aaien út en Sieds en Maaike fokten de pykjes fierder op. Sa kamen se alle jierren oan in pear jonge lishinnen. Dy fjouwer hinne-aaien dy’t ûnder de strânljip kamen, naam Thor fan Wanswert alle jierren foar harren mei fan Jense Pieters. Jense Pieters hie trochfokte Barnevelder hinnen dy’t omraak lizze woene. Ek as de dagen koarten, leine se sûnder keunstljocht troch. 

It hie ferline jier earst sa skoan like, fjouwer krigele pykjes. Mar al rillegau kaam de twivel en nei in wike of seis wie it sa dúdlik as wat: it wiene alle fjouwer hoantsjes. Sieds en Maaike, se hiene der wiidweidich oer peteare en doe dochs mar besletten de trije âlde hinnen noch in jier oan te hâlden. Mar it foel net ta, ien rekke fan de mik en dêrby fan de lêch en op in moarn lei er dea yn ’t hok. It koe net slimmer. De oare twa rekken wol gauris brodsk en wiene dan fan de lêch. Sa’n brodske hin kaam dan trije dagen en nachten sûnder foer en drinken yn in jutesek oan de line.De brotskens wie dan oer en nei in dei of tsien rekke sa’n hin wer oan de lêch. 

Mar no fan ’t winter wie it dochs út mei it lizzen en nei wer wiidweidich oerlis, hiene hja mar besletten, se kosten sa allinne mar, Sieds moast se mar slachtsje. Sa kamen se as lekker sneinsiten yn ’t sop. Sieds en Maaike rekken sadwaande sûnder aaikes. No hiene se fansels wol keapje kinnen, mar as jo it wend binne en yt eigen, dan is acht sinten foar in aai fan in oar fansels begrutlik jild. Boppedat, de smaak fan sokke aaien koe it fansels ek by lange nei net helje by dy fan harren frij op it hiem omskarreljende hintsjes. 

It moast fansels ek mar wer sa treffe, mar nei it ferstjerren fan âlde Thomas dêr tichteby harren op de Sudermieden, waard der boelguod hâlden en alles wat út dy âld klinte foar it ljocht kaam rekke ûnder de hammer. Sa kamen ek de acht troch âlde Thomas sels flochten einekuorren út de hoannebalken. Opropper Sjoerd priizge se wakker oan, hoewol’t de kenner fuort wol seach dat it gjin sprekken lije koe. It wie Wigle Klaazens fan Tergrêft dy’t krekt mei de hân in noasdrip ôffage, in gebeart dêr’t opropper Sjoerd in bod yn seach. Hy krige se alle acht oan de kont foar in gûne it stik. Hy seach frijwat sneu, dit hie it doel net west, mar syn protestearjen holp neat. Notaris sei koart: kocht. En dêrmei wie it ferhaal út. 

Maaike seach lykwols fuort mooglikheden en sei tsjin Sieds: ,,Moatst in koer keapje fan Wigle, mar do joust net mear as 75 sinten, hear, hy wol der wol ôf.” Nei in protte gestin en gekrimmenear slagge it Sieds dochs en hy kocht de suterichste koer foar 75 sinten fan Wigle. Thús waard dy âlde, sloppe koer mei pakjetou wat byinoar bûn en foar hûs yn de beam ophongen, sadat se út it keukentsje wei der sicht op hiene. En… o… wûnder, nei in dei as wat kaam der earst in jerke en letter in eintsje op de koer. Maaike sei tsjin Sieds: ,,Yn ’e hûs bliuwe, Bijke der ek net út, de boel net ferbalje.”

De oare moarns wie it spantsje by en op de koer. Dat gie sa noch in pear dagen troch en bepaalde sa moarns harren dwaan en litten. Mar doe fernamen se gjin ein noch jerke mear. It waard wakker beredenearre: soe it eintsje no oan de lêch wêze of soene se no dochs noch wer earne oars harren taflecht socht hawwe?
Sieds sei: ,,Ik sil ris yn de koer sjen.” Mar Maaike tocht dat it better wie en doch noch in pear dagen tiid. ,,It is in brún eintsje mei in echte wyldkleur en dy binne frij wat skrutel, dy ha sa’n skerpe rook, dat do moatst it no net ferbalje. As it al oan de lêch is moat it earst wat fêster sitte. Doch noch mar in pear dagen tiid en sjoch dan mar ris.  En Sieds, net earder as in oere of fiif op de middei.” 

Dat Sieds die noch in pear dagen tiid, luts doe in skjinne kile oan, wosk de hannen mei griene sjippe en wuolle foar’t er yn de koer fielde noch efkes mei de hannen troch wat âld hekkelguod op de sleatswâl om echt alle ferkearde rook fan de hannen te krijen. Doe fielde er yn de koer! En… oo… wûnder, hy fielde fjouwer aaien en in waarm gefoel streamde him troch de lea.

Fjouwer…, dan kin der ien út, trije lizze litte. En grutsk kaam er by Maaike yn ’t keukentsje mei in prachtich grien eine-aaike. Se bearden sân sekken heech, setten daliks in pantsje op ’t stel, it waard fuort sean. En doe, nei’t se it yn kâld wetter efkes kuolle hiene, waard it doppe, der kaam in tipke sâlt op… en… oo… hearlik! En mei de eagen suver hast ticht namen se om beurten in hapke! 

Gjalt de Groot