Op ‘e ein fan it flechtseizoen noch in flechtkursus

door

in

Bitgummole 8 maart 2024

‘Ferline wike sneontemiddei 2 maart yn Âldegea (SWF) oan de Sânfurden noch in kursus jûn oan 10 froulju en 2 manlju’, skriuwt Durk Wynia.

‘In hiele klup keakeljende minsken, en hoe krij je dy stil….! No dat slagget prima mei einekoerflechtsjen!’
Durk hie de jûns derfoar al 12 begjintsjes makke. ‘Sa koenen se, nei in lyts praatsje en útlis fan hoe’t je it makkelikst it keunske” útfiere kinne, los’.

Moai plak

‘We sieten by Ester Kuffeler yn’e hûs”, seit Durk. ‘In hiel moai apart hûs, makke fan liem en hennep…mei in bult reid, flaaks én…stof!! No hiene de measten dêr gelokkich gjin tiid foar om op te letten. Mar mei it sintsje op de ruten sjoch je pas goed wat der sa al yn de loft sweeft…

Oan ‘e de ein fan de middei tsjin fiven giene se grutsk mei in selsmakke koer nei hûs! En hiene se it al oer in ferfolch foar takom jier”, sjocht Durk tefreden werom.