Op Flânsum kinne de einen mar wer los!

door

in

Flânsum, 7 maart 2016.

(op foto klikke, dan is er noch moaier om te sjen)

Op Sathe De Flaeren yn Flânsum, in buorskipke by Raerd, wennet en buorket Titus de Wolff. Titus hat each foar syn bisten en de fûgels. Op syn 17 bunder fûgeltsjelân-mei-dobbe komme allerhande fûgels ôf en briede der aansen mar wat graach.

Yn de grêft steane 3 kuorren op strampels en yn de wyk  3  byinoar op in stevige peal. ‘Rietgedekte wenningen’, seit Titus mei in knypeach. Yn syn appelhôf hinget er ek noch wol in stikmannich kuorren op. Karút genôch foar ús gevederde vrienden.

We binne benijd oft der flecht op de koai komt.