Orange Feste Oraniënburg

door

in

Grou, 27 april 2023

In skoftsje lyn waard ik frege om te flechtsjen yn Oraniënburg yn Dútslân, Dy ûnderfining woe ik wol ris meimeitsje, al seach ik ynearsten wol wat op tsjin de lange busreis. Yn it wykein fan 22 en 23 april wie it safier.
Mei De Fryske Dûnsers en in tal minken fan Ambachtelijk Friesland setten we sneontemoarns acht oere ôf. Nei in reis mei de nedige opstoppings kamen we om seis oere oan op it plak fan bestimming.

Oraniënburg leit sa’n 30 km noard fan Berlyn en hat 44.500 ynwenners. Nei in oernachting yn pension Oranjehus gienen we sneintemoarns om acht oere mei de bus nei it eveneminteterrein foar Schloss Oraniënburg. Dit slot is yn 1653 boud troch Keizer Wilhelm foar syn frou Louise Henriëtte van Oranje-Nassau, dochter fan Frederik Hendrik van Oranje en Amalia van Solms.

Mei de fleurige klanken fan Gutenmorgen Sonnenschein fan Nana Mouskouri út de lûdsprekkers en in taspraak fan de boargemaster waard it feest iepene. Fan sinne wie lykwols net folle te bekennen, want it wie suterich waar. Foar my kaam it reinwetter wol fan pas, want it reid wie – nettsjinsteande dat ik it thús al wiet makke hie – aardich drûch en knapperich. It woe earst dan ek tige min flechtsje. Nei in pear oeren rein wie it reid al in stik better te brûken. Middeis kaam it sintsje derby en waard it lekker waar. Doe moast de sproeier wer brûkt wurde.

Mei it sinneskyn waar kamen der ek mear besikers nei de merk en waard it by de kreamkes hieltiten drokker. Dan komme ek de fragen. No is myn Dúts net sa geweldich, en dêrom hie ik Cees van der Meulen frege in stikje histoarje oer einekuorren yn it Dúts oer te setten. De útprinte tekst lei op de tafel yn de kream mei in pear foto’s fan einekuorren derby. Dat ik koe by de measte fragen de minsken wol nei de tekst ferwize. Ek de sjoernalist dy’t nijsgjirrich wie wat ik oan ‘t dwaan wie; sy hat in foto makke fan de tekst en koe sa thús har ferhaal derút helje.

Ien besiker frege oft de koer bestimd wie foar ’Kartoffeln’; dy koe ik noch wol oan it ferstân peuterje dat dit net it gefal wie, mar as hy de koer dêr foar brûke woe, dit wol mooglik wie. It like de mans net goed ta, leau ik, want hy sette wer ôf sûnder koer.

Om 18:00 oere wie it feest ôifrûn en bleau ik sitten mei ien koer, dy’t reservearre wie mar net ophelle is. In lange dei siet der op, mar mei út en troch in Frysk sankje op de eftergrûn giet it flechtsjen as it slydjaget.

Moandeitemoarn om healwei njoggenen binne we wer op nei it Heitelân ta setten en tsjin fjouweren wie de bus wer yn Drachten. Al mei al in aventoer dat goed smakke hat.

Bonne Bruinsma.

In stikje histoarje oer einekuorren stiet no ek op de webside, yn it Fryske en it Nederlânsk. Sjoch by menu ûnder De Strampel.