Pas op foar ruilhannel!

door

in

Poppenwier, 22 febrewaris 2014

Pas op foar ruilhannel!

Wat is der no ûnskuldiger as it publyk op in beurs fan einekoerflechters, soe men tinke. Nei de gesellige beurs fan 22 febrewaris 2014 tink ik dêr dochs in bytsje oars oer.

Hindrik Kooistra út Âldtsjerk siet moai te flechtsjen neist syn maat Riepke Glas fan Mûnein. Beide mannen hawwe in gouden namme ûnder harren kollega-flechters. Se meitsje beide in type koer dat jo nearne oars yn hiel Fryslân fine. In prachtich kontsje, in sierlike hals en dan ek noch sa’n moaie entree derfoar! It falt net ta in kar te meitsjen tusken it design fan Hindrik en Riepke.

Ûnder it publyk wie in man dy’t foel foar de kuorren fan de beide keunstners. Earst seach er by Riepke it spul troch it gat en doe by Hindrik. Smout praat derby fansels, no dan kinne jo by Hindrik wol út ‘e fuotten! Dat it mantsje wie alhiel yn de ban fan Hindrik syn produkten en kocht in koer.

Doe skarrele er nei Riepke en seach dat dy syn hannen ek wûndermoai wurk makken. Net Riepke syn glêde tonge, mar syn sierlike bouwurkjes krigen de klant yn de besnijing en nei lang stinnen en kreunen kocht er ek in koer fan Riepke.

Wylst Hindrik en Riepke sieten te smûzen oer de slagge hannel, stuntele it mantsje noch wat tusken de kuorren fan Riepke om. De keaper hie spyt fan syn oankeap by Hindrik. Eintsjebeslút wist er it! It kuorke fan Riepke fûn er krekt even moaier. Sûnder boeh of bah te sizzen sette er de koer fan Hindrik yn de galerij fan Riepke.

Mei twa Riepke-kuorren kuiere er trije tellen letter de seal út, Hindrik en Riepke yn stomme ferwûndering efterlittend!

CvdM