Moai kontsje en sierlik búkje

door

in

Wurdum, 17 febrewaris 2014

Fan Jinke en Bertus Kuperus krigen we in foto fan in hiel karakteristike koer, sa’t Bertus dy makket. Flechters hawwe allegearre in ferhaal by harren model koer. Sa makket de ien in slanke koer mei in lêbe deroan, de oar fynt dat der in bekerhals oan sitte moat, wylst wer in oare flechter fan miening is dat de koer der rûch útsjen moat en sa kinne we fan elke flechter hearre hoe’t it no krekt moat. Dat is de sjarme fan it flechtersfak. Sneon 22 febrewaris kin elk mei de 12 of 13 flechters yn Poppenwier yn petear om der efter te kommen wat de einen it leafst hawwe.

De koer fan Bertus hat in moai kontsje en in ferliedlik búkje, dat set jerken oan ta aksje. We binne benijd hokker Strampellid de earste aaien yn de koer hat!