Praatsje

door

in

Holwert/Grou/ Wergea, 27 april

No’t de maaitiid losbrutsen is, komme oeral piken út de aaien. It is altiten wer de fraach hoefolle piken der oerbliuwe. Gjalt de Groot hat hiel wat kuorren útstean en meldt syn earste piken.
Yn in Praatsje, sa’t hy dat neamt, dielt hy syn befinings.

Hjoed de earste einepykjes út de koer.
Ik hearde de âldein noadzjen, kypjend om in hoekje seach ik noch krekt dat der noch fjouwer út de koer sprongen en mem sette mei har 8 pykjes slûpender wize nei de feart. It wie wer in wûnder en alles krige yn 5 minuten syn beslach.

Ik fandelje meast de aaien oant heal april mar dit eintsje sit els jier yn dy koer en ik ha har op 1 april mar briede litten.
Der binne no 13 kuorren mei aaien fan de 17 kuorren dy’t útstean.

Easteinen

Njonken de Wylde Ein is der noch in ein dy’t de oandacht fan Gjalt lûkt: de Eastein

De frou en ik wiene ferliene wike yn Poppenwier mei fekânsje. Ik rekke oan’t fytsen op sa’n e-bike fan myn soan. No dat is fansels in hearespul. Dat grutte lopen oer de Grienedyk by de Snitsermar. En wat no sa opfallend wie: der wiene in protte spantsjes Easteinen ( Krakeend).

Eastein

Ek twa dagen yn de Alde Feanen by Earnewâld mei in boat oer de wetters swalke. Ek gauris in spantsje Easteinen.
Yn ’t Swin by Reduzum kaam der ien sa slûch-slim út de reiden, dy sil wol fan aaien kommen wêze. Ik ha der net om socht, se binne sa gau ferballe.
Mar yn elts gefal folle mear as 15 jier lyn. 

Ik ha ien kear twa aaien fan in East-ein yn in einekoer hân. Se ha wat it model fan tjilling aaien mar dan wat grutter en griener. Nei dy twa aaien ha se de koer ferlitten. Ferballe.

Soene der rûnom mear Easteinen komme? Hjir by my yn Holwert wie it my net opfallen.
Se briede letter as de Wylde Ein wêrtroch de pykjes in gruttere oerlibbingskâns ha (fretten en dekking).

Mei freonlike groet, Gjalt

De Eastein (Mareca strepera) is in fûgel út it skaai fan de Smjunten. De fûgels út dit skaai hawwe in skoft yndield west by de gewoane Einen. De Eastein is dêrom ek wol te finen ûnder de namme Anas strepera. It skaai Mareca is lykwols op ‘e nij ynfierd.

De Eastein wurdt yn it Frysk ek wol oantsjut mei: Easterske EinGrietGryffûgelGrypfûgel as Ropein. (bron: Wikipedy)

Út de gegevens van Sovon docht bliken dat de Eastein yn tsjinstelling ta de Wylde Ein yn oantal tanimt. Oant 1960 wie de East-ein in seldsume briedfûgel. Dêrnei namen de oantallen en fersprieding sterk ta, krektlyk as yn de rest fan West-Europa. Dit kaam mei troch it ôfnimmen fan de briedgebieten yn East-Europa.

Bron: Sovon vogelatlas.nl

Cees van der Meulen sjocht yn it fjild ek geregeld Easteinen: Easteinen sjoch ik altyd wol ûnder Akkrum as we nei it fuotbaljen ride, mar oer briederij wit ik neat. Se binne fan nature skouwer as de gewoane ein.
Ik haw der nea fan heard dat East-einen wol yn kuorren briede.

Lolke van der Meer sjocht Easteinen geregeldwei opfleanen. Yndied folle mear as jierren lyn.

Ek by Lolke de earste piken: By de mûne 2 wike lyn piken, oaren stean op útkommen.

De oarloch by syn koer is ek noch net oer: Efterhûs moatte de piken der ek rap út: beide einen wolle briede en bliuwe mar plôkjen yn ‘e koer. Juster mei mear tou fêstbûn, oars dondert er yn it wetter.

Predaasje

Gjalt: Dit jier noch suver gjin predaasje. Twa kuorren dêr’t aaien út wei rekken. Tink de swarte krie, mar dy binne opromme.
Ha foar twa jier werom in protte lêst hân fan in stienmurd. Ha blik om in pear beammen slein, dat der kinne se no net mear by. Ek stean der 11 kuorren safier yn de sleat dat dit ûnrant dêr ek gjin kâns hat.

Lêste tiid sjocht Lolke mear predaasje troch rotten: Gean by de efterstok op nei de koer troch it begjingat fan ‘e koer. Wie ek yn Doniastate it gefal.

Oplossing Gjalt: Mei dy rotten. Ik hie in koer op in strampel yn de feart. Planke der hinne om by de koer te kommen. Op dy planke in grutte rotte klem set. Der al trije rotten yn fongen.