Pruttelkofje, boffert en brunebeannesop: de doping foar it flechtsjen.

door

in

Dokkum 20 jannewaris 2024

De winter is de meast geskikte tiid om flechtkursussen te jaan. De bruorren Kooistra út Dokkum ha geregeld in ploechje minsken yn harren smûke hok om dy it flechtsjen te learen. It houtkacheltsje oan, in bakje pruttelkofje mei in stikje boffert kin it oangean.

Tsien kursisten begjinne nei wat útlis fan Hendrik en Bouwe in bytsje ûnwennich oan it kontsje fan de koer. “Yn it begjin komme se hannen te koart, mar stadichoan komt it begjin. En as dan de stekpinne derby komt, begjint it al wat  better”, witte de Kooistra’s út ûnderfining. “En as it oan it middeisbrochje ta is, ha de kursisten de slach al aardich te pakken en wurdt de foarm fan de koer al sichtber.” Dan is it tiid foar de brunebeannesop. Dy giet der neffens Hendrik “wer yn as in preek yn in âlderling.” Diskear ha in pear flechters it eins net oan tiid om te iten, want de koer moat klear. “Dus oan it entûsiasme leit it net”, konstatearret Hendrik.

As om 14.30 oere de earste koer klear is en in oerke letter de oaren, is it tiid foar in Bonifatius-slokje. En sa as altiten geane de kursisten tefreden mei in sertifikaat en in selsmakke einekoer nei hûs.