Sa gewoan…sa’n wûnder

door

in

Grou, 20 april 2022

Oeral komme no lytse einepykjes út it aai. Cees van er Meulen seach yn Grou it wûnder, dat him ynspirearre ta de folgjende poëzy:

Fan fjouwer meter hichte
binne de plúzebistkes
mei har tsienen delsweefd
yn de wrâld fan gers en wetter.

Feilich by har mem
dy’t wekket oer har kroast
sa’t allinne in mem dat kin.

Sjoen: woansdei 20 april 2022, Grou, Nijdjip. Cees van der Meulen