Sint Piterfeest!

door

in

Grou, 12 febrewaris 2022

Yn Grou fart 12 febrewaris Sint Piter it doarp yn.

Op 21 febrewaris wurdt de jierdei fan Sint Piter fiert. In unyk Frysk en Grouster feest. Mei pakjes, ferskes en in mearke.

Sint Piter, Petrus, de Hillige en Beskermhear fan de fiskers. Grou en de fiskers en wetterlju, se hearre by elkoar. Dêrom waait dizze dei ek de Fryske flagge fan de Sint Piter breed út en ek rûnom yn Grou!

Sint Piter is as wy rom tinke, eigentlik ek de beskermer fan ús bekendste wetterfûgels, de einen. Dêrom is dit ek in moaie dei om in pear einekuorren út te setten.
Wol wat betiid miskien, mar de einen binne der al hast de hiele, sachte winter klear foar. De einekuorren binne net oan te slepen. 
De Strampel hat de seine (‚zegen‘ en net ‚zeis‘) fan Sint Piter krigen, sa liket it wol!

We hoopje dat 2022 in bysûnder einejier wurdt mei in protte aaien, piken en nije einen!

Cees van der Meulen, Grou.

(Sint Piter liket op Sinterklaas mar hat in folslein oare oarsprong en is dan ek net in broer fan Sinterklaas sa’t guon minsken tinke. Sûnt in pear jier hat Sint Piter Aldemar as syn help. Wa’t mear oer it Sint Piterfeest witte wol, kin de webside fan Sint Piter besjen, red.)