Snoeken hawwe grutte bekken

door

in

Hjir yn Grou yn it Nijdjip swimme gjin einepiken mear. It kin wêze dat se al útgroeid binne ta flinke jonge einen, mar it soe ek samar wêze kinne dat se yn de mage fan in grouwe snoek belanne binne.

Ús altyd opmerksume lid Bouwe de Groot stjoerde ûndersteande foto, dy’t wy as kuorflechters fansels net graach sjogge. It is in ûngelikense striid tusken de beskerme rôvers en de warleaze pykjes. Yn fiif minuten snapte dizze snoek fjouwer piken.