Soad minsken op Jiergearkomste De Strampel

door

in

Poppenwier, 15 novimber 2013.

Sa’n fjirtich flechters sieten yn de smûke seal fan doarpshûs De Trilker yn Poppenwier om de jiergearkomste fan De Strampel by te wenjen. It húshâldlik part fan de aginda wie foar njoggen oere al oan de kant. Nei it skoft fertelde Gerard Mast fan Stiens allerhande nijsgjirrige dingen oer de einekoaien yn Fryslân. Einekoaien wiene bysûndere ûndernimmingen dêr’t de koaikers, faak yn tsjinst by in boer of in lânhearre, besochten foar de opdrachtjouwers jild te fertsjinjen en foar harren sels in beskieden ynkommen mei frij wenjen.

Wat stiller, wat better om sa’n koai hinne. Wisten jo dat je binnen in striel fan 400 keningsroeden (± 1600 meter) net jeije mochten? Dat waard letter yn it saneamde koairjocht  beheind ta 1200 meter.

Fryslân telde yn 1700 wol 150 koaien, no binne der noch 27 registrearre koaien. It fangen is net mear in brea- en jildsaak, mar wurdt noch dien fanwege wittenskiplike ynteresses.

Koaien binne natuerhistoaryske monuminten. It Fryske Gea en Staatbosbehear binne, neist in lyts tal partikulieren de eigners. Frijwilligers soargje dat de koaien der kreas útsjogge.

It tredde diel  fan de gearkomste (de neisit) mei tiid foar praten en in slokje woe gjinien misse!