Stikelbaarch

door

in

Grou, 15 july 2020

Wy ha al fan alles foarby kommen sjoen wat yn in einekoer oantroffen is. Dêr kin no ek in stikelbaarch oan taheakke wurde.

In âlde (te lytse) koer hie ‘k achter yn de border dellein om ûnder de hage te kompostearen. Earder hie alris ien fan myn krielhintsjes har aaien yn dy koer lein. Fannemoarn soe ik de hage snoeie en doe lei de âld koer wat yn ‘t paad. Ik pakte de koer op en soe him earne oars tydlik in plakje jaan. It foel op de de koer aardich swier wie, dat ik seach yn de koer en ta myn ferbjustering seach dat der wat yn de koer siet: in stikelbaarch hie in plakje fûn yn de koer.

Ik ha de koer mar gau wer te plak lein en de stikelbaarch mei rêst litten.

Sa sjogge wy mar wer dat in einekoer mear is as in nêstplak foar einen…

De stikelbaarch yn de koer

Bonne Bruinsma