Stoarmfêste solide wente

door

in

Oerterp, 28 febrewwaris 2022.

Dat in Strampellid foar ien gat net te fangen is docht wol bliken út de fotobylden dy’t Jan Falkena my tastjoerde.

By syn dochter Ingrid dy’t yn Eelderwolde wennet, hat Jan op in wol hiel unike wize in koer pleatst.

It wetter te djip foar it waadpak en in boat wie net foarhannen.

Jan is as in echte supper op in sa’n wibelige surfplanke nei de peal fearn dêr’t de âlde koer ôfwaaid wie.

Mei de nije útfining fan it opsetstik-mei-koer is er nei de peal fearn en hat dêr no, jawis, stoarmfêst, in nije  koer opsetten.

We binne benijd oft net allinne yn it Hearrenfean, mar no ek yn Eelderwolde de eintsjes dizze solide wente yn gebrûk nimme sille.

Mei tank oan Jan, Cees van der Meulen.