Strampel en d’Ald Hy beslute net mei te dwaan oan Follow

door

in

Holwert, 12 maaie 2018

Yn in mienskiplike gearsit hawwe leden fan De Strampel en leden fan d ‘Ald Hy unanym besletten net mei te dwaan oan de manifestaasje ‘Follow the blue line’, dy’t organisearre wurde sil yn it ramt fan LF 2018.

De oanwêzigen stelden fêst dat it de 12 sneonen yn juny, july en augustus in hiele toer wurde sil om de aktiviteiten  ta in sukses te meitsjen. Oan goeie wil en fantasy oan beide kanten lei it net.

Om foldwaande belangstelling al dy dagen nei Holwert ta te lûken moat in soad tiid  ynvestearre wurde. It is fakânsjetiid en elk hat it drok. Ek de respons fan de Strampelleden om op dy sneonen demonstraasjes te jaan wie te beheind. Foar Els en Gjalt yn it bysûnder wurdt  troch it ûnwis ferrin fan it barren in ûnevenredich sterk  beslach lein op harren tiid en ynset.

Nettsjinsteande it beslút wie it in goede en positive gearsit dy’t ôfsletten waard mei in romerke ‘Warkeweet’, it eigen merk fan de mannen fan d’Ald Hy.

Aaisikers (‘in ruste’) en koerflechters binne sljocht op slokjes en gesellichheid!

2018-05-12-09.47.55Str.+-Ald-Hy-pic