Strampel en BFVW op 2 febrewaris 2013

door

in

Earnewâld, 2 febrewaris 2013

Fan 9 oant 12 oere organisearre de BFVW yn it Besikerssintrum fan Nasjonaal Park De Alde Feanen in ynformaasjemoarn oer syn wurk. In 20-tal standhâlders dy’t op de ien of oare wize besibbe binne oan de BFVW wiene presint. Foar de Strampel demonstrearren Lolke van der Meer en Durk Wynia hoe’t jo in goede koer flechtsje. In pear hûndert minsken kamen op dit barren ôf. De belangstelling foar de kream fan ‘De Strampel’ wie grut.