Strampel jout kuorren kado.

door

in

Grou, 17 febrewaris 2016.

Elk jier skinkt De Strampel in pear einekuorren oan in ynstelling. Dit jier is dat it Damshûs yn Nij Beets. Dat is it iepenloftmuseum oer de ferfeanterij.

Woansdei 17 febrewaris hawwe  bestjoersleden fan De Strampel trije kuorren oanbean oan in delegaasje fan it Damshûs. De kuorren binne daliks op de strampels pleatst, want de eintsjes binne oan it lizzen ta! De kuorren binne in moaie oanklaaiing fan de fearten yn it museumterrein.