Grou, 2 oktober 2016.
Sneon 1 oktober stie De Strampel mei in kream op de As. Prachtich waar, kloften minsken. Njoggen kilometer kreamkes, 180.000 besikers, neffens Omrop Fryslân! Net te leauwen!!! Hearlik yn it sintsje sieten Bouwe en Hendrik Kooistra fan Dokkum en Hindrik Wierstra fan Burgum te flechtsjen, wylst Lolke van der Meer fan Wergea en Cees van der Meulen fan Grou de p.r. fersoargen.

Mei in lekkere appel yn de hân dapper der by del!

Hindrik Wierstra en Hindrik Kooistra demonstearje hoe’t jo in deeglike koer yn elkoar frisselje

Oan oandacht gjin gebrek

Wa soe sa’n sjarmante learlinge net by de hân nimme wolle …

It âlde ambacht neist de moderne technyk

De boys: fan links nei rjochts: Hylke Hoogenberg fan Burgum, Jordi Roosma, ek in Burgumer en Jelmer Kooistra fan Dokkum mei harren earste koer! Lokwinske!!!