Tolve pykjes yn Grou

door

in

Grou, 24 april 2014.

It eintsje dat al in rige fan jierren by ús briedt, kaam fan ‘e middei ien oere mei tolve pykjes foar it ljocht. De koer hinget in meter as trije heech yn in bjirk en it wie in prachtich gesicht de dûnskes yn de frije fal yn it gers fallen te sjen. Se moasten oer  in tegelpaad om by de roppende mem en de oppassende heit te kommen. In frou mei in hûntsje koene we mei ‘ho-ho’ gerop krekt op tiid opkeare.

Even rekkenje: 2 dagen pykjes útkomme, 28 dagen briede, 12 dagen aaien lizze, dat is 42 dagen. ± 13 maart moat it eintsje útein set wêze. Dat is sa’n foech moanne nei it finen fan de earste aaien yn 2014.

Cees van der Meulen.