Toukuorren en kuorren fan tou

door

in

Aldeboarn, 16 febrewaris 2021

Der binne toukuorren en kuorren fan tou. By de Strampel is in toukoer in koer fan reid mei lofters fan tou, mar der binne ek kuorren hielendal fan tou. Ik sjoch hjir en dêr fan dy dingen hingjen/stean en somtiden ek noch yn ferskate kleuren. Der kinne jo in miening oer ha.

Koartlyn kaam ik in pear kuorren fan tou tsjin wêr’t blykber fergetten wie om der betonizer yn te ferwurken……om foar te kommen dat se yn elkoar sakje. It gefolch is dan dat der allinne mar  platte einen yn komme kinne. Konstruksjeflater?

As jo se goed besjogge ha se wol wat fan in krusing tusken in toukoer en in trynwâldster koer.

It is bêst aardich om ris te sjen hoe en wat foar kuorren der allegear binne en hoe’t se flochten wurde. Bygelyks meitsje ik ek wol kuorren yn in saneamd wyldferbân, en ik fyn dat se dêrtroch sterker wurde. 

Koartsein: ferskaat moat dochs kinne?

Ik bin benijd nei jimme reaksjes.

Cor Snoeij