Twahûndertste lid Strampel krijt unyk presintsje

door

in

Holwert, 12 maaie 2018.

Mees Nauta fan Ljouwert en lid fan De Strampel, soe ien fan de dielnimmers oan Follow the blue line yn de loads fan Gjalt de Groot wêze . Hy wie 12 maaie by it oerlis fan de delegaasjes fan De Strampel en d’Ald Hy oanwêzich.

Mees kin in knappe einekoer flechtsje, mar hy hat dêrneist noch in bysûndere kundichheid. Hy bynt boeken yn en soms beklaait er de omkaften mei fiskhûd. Salm en kabbeljau leverje moai lear, tin en soepel. De hûden loait er sels mei allerhande stoffen.

Foar it twahûndertste lid hat er alfêst in bjusterbaarlik moai kadootsje makke: in prachtich doaske, beklaaid mei side en rûnom kabbeljauwe-lear.

Op de foto Mees mei it keunstwurkje. Op de tafel fiskhûden. Dat wite feltsje is it fel fan in hazze. (Op foto ien of twa kear klikke jout in nòch better sicht op de saak)