Wa’t de jeugd hat, hat de takomst

door

in

Marsum, 18 maart 2022

Wa’t de jeugd ha, hat de takomst. Dêr woe Durk Wynia graach oan meiwurkje doe’t hy frege waard om foar skoalbern fan Marsum in demonstraasje te jaan.

Durk: “De fûgelwacht Marsum hie earst in oerke les oer greidefugels, wêrnei’t ik noch in heal oere wat fertelle mocht oer de Wylde Ein en ús ambacht en skiednis fan koerflechtsjen. Dêrnei koenen de bern sels om beurten flechtsje wat se hiel nijsgjirrich en leuk fûnen om te dwaan.

Wannear’t se no in koer yn de feart stean sjogge, witte se wêrom en hoe’t se makke wurde.”