Wat is in strampel no krekt?

door

in

Sa no en dan komme der fragen oer it wurd ‘strampel’.

It ‘Frysk Hânwurdboek’ , diel 20 (2008) jout fjouwer omskriuwingen foar ‘strampel’:

  1. Takke, dy’t spjalte is yn twa of mear fertakkingen;
  2. Stôk, dy’t oan ien ein yn twa earms of tosken út inoar rint ( ‘gaffel’ );
  3. <meartal> stive skonken
  4. âlde, stive man

Waling Dykstra neamt  yn syn ‘Friesch Woordenboek’, Lexicon Frisicum (1911) deselde betsjuttingen en heakket der in pear foarbylden oan ta: beamstrampel en einekoerstrampel.

Ta beslút it ‘Wurdboek fan de Fryske taal’,  diel 21, (2005) hat ek deselde betsjuttingen, mar foeget der noch in pear nijsgjirrigen oan ta:

  • katapult
  • oude, kromgegroeide boom
  • achterwerk, aarsspleet. Jan Jelles Hof: Te Gaastmeer wordt bij een mens de aarsspleet (kerne) de strampel genoemd; voorbeeld: -Hy krige hjar by de strampel- J.H. Halbertsma.

As foarbylden neamt dit wurdbo